Nije Drachtster swimbad is duorsum mei sirkulêr ûntwerp

17 mrt 2021 - 11:52

In rekreaasjebad, in doelgroepebad en in swimbad fan Olympyske ôfmjittingen: de ambysjes fan it nije swimbad De Welle yn Drachten binne heech. Nei't gemeente en provinsje der jild foar frijmakke hiene, is arsjitekt Hokan Nummelin dermei oan de slach gien.

Nije Drachtster swimbad is duorsum

It ûntwerp is unyk om't it duorsume gebou folslein taret is op it feroarjende klimaat. Sa kin it in soad reinwetter opfange mei in grien dak, is der folop romte foar ynsekten en oar libben yn de omjouwing en moat it gebou sa grien wêze, dat it CO2 omset yn soerstof.

"Het gebouw kan regenwater opnemen, vasthouden en langzaam in de grond afvoeren", fertelt de arsjitekt. "En bij hitte zorgen de groene daken ervoor dat het gebouw koel blijft. We willen goed omgaan met het milieu en klimaat."

Ek fan binnen is it ekologyske karakter goed te sjen. "We zorgen voor veel licht in het gebouw zodat we minder met kunstmatige verlichting hoeven te werken en dat bespaart energie. Ook is het hout sterk aanwezig, dat is een geste naar circulariteit."

Foto: Hooper Architects

Neist in duorsume útstrieling moat it bad ek gewoan in soad besikers lûke. De eksploitaasjes fan De Welle leit yn hannen fan it Sportbedriuw. Neffens direkteur Evert-Jan Siderius moat it swimbad as it klear is tusken de 300.000 en 400.000 besikers yn it jier lûke kinne.

"Yn it âlde swimbad kaam it jier foar de coronakrisis sa'n 310.000 minsken, dus wy tinke dat dat in helber sifer is." Derby hopet Siderius op de profesjonele swimmers dy't komme foar it 50 meterbad, mar ek op de rekreanten.

"We krigen wolris klachten dat yn it âlde bad rekreatyf net safolle te belibjen wie. Yn it nije bad hawwe dêr dus ekstra omtinken oan jûn." Yn it nije ûntwerp wurdt it rekreative bad in golfslachbad en komme der twa grutte glydbanen yn. Ek komt der noch in lyts bûtenbad en in 'speelweide'. "Boppedat kinne we de flier bewege fan it doelgroepebad en it wedstrydbad. Dêrtroch kinne we ek dy foar rekreaasjeswimmen brûke" seit Siderius.

Nije Drachtster swimbad moat soad minsken lûke

Der hat yn it foar in soad gedoch west oer de oanlis fan it nije swimbad. Sa sit de gemeente Smellingerlân finansjeel yn min waar, mar dochs is ferline jier de kar makke om te ynvestearjen. "De Welle is voor ons erg belangrijk", seit wethâlder Felix van Beek. "Het oude bad was echt aan vervanging toe en ik ben dan ook blij dat de gemeenteraad lef heeft getoond om hier toch geld voor vrij te willen maken."

Woansdei waard it ûntwerp fan it swimbad presintearre, mar dêrmei is noch net krekt bekend wat der komt. Sa moat noch besjoen wurde hokker materiaal krekt brûkt wurdt en hoe't it komt mei de ynfrastruktuer om it nije swimbad hinne.

It duorret dan ek noch wol in skoft foardat foar it earst yn de nije Welle swommen wurde kin. Dat wurdt op syn betiidst yn it foarjier fan 2024.

Foto: Hooper Architects
(Advertinsje)
(Advertinsje)