Ried fan Steat: Vermilion mei nei gas boarje by De Pein

Gaswinbedriuw Vermilion kin begjinne mei it boarjen nei gas by De Pein. De Ried fan Steat seit dat der gjin grutte miljeu- en feilichheidsrisiko's oan sitte. It giet om in gasput dy't earder ôfsletten is.
© Omrop Fryslân
Neffens de stichting Tsjin Gas út Nij Beets soe de âlde put lek wêze. Hjirtroch soe de grûn fersmoarge wurde. Ek wiene se benaud foar trillingen.
Dêr is neffens de Ried fan Steat net genôch bewiis foar.