Nei 86 jier komt in ein oan De Bildtse Post

17 mrt 2021 - 10:16

Nijsblêd De Bildtse Post hâldt mei yngong fan 1 july op te bestean. Drukkerij Van Leer & De Jong, ek útjouwer fan De Bildtse Post, hâldt der nei 86 jier mei op. Direkteur Dirk Jan de Jong giet mei pensjoen, en it is net slagge de krante earne oars ûnder te bringen. Op woansdei 30 juny ferskynt de lêste útjefte.

Nei 86 jier komt in ein oan De Bildtse Post

It bedriuw hat fiif minsken yn tsjinst. Der is lang besocht De Bildtse Post earne oars ûnder te bringen. "Wij binne al seker fyftyn jaar doende om de toekomst fan de krant failig te stellen", seit direkteur Dirk de Jong. "Je wete dat je 't 's rustiger an doen motte, dus wij hewwe de ôflopene jaren ferskaidne pogings ondernommen."

"Dat is útaindlik niet slaagd", ferfolget De Jong. "En dat spyt ôns, de krant is 'n femilybedriif der't ik myn siel en salighyd inlaid hew. Maar wij kinne met 'n goed gemoed in de spigel kike, in de wetenskap dat wij d'r alles an deen hewwe 'n opfolger te finen. At dat niet lukt dan motte je realistys weze, en d'r met opheven hoofd 'n punt achter sette."

Foto: www.bildtsepost.nl

Gerard de Jong

"D'r alles an deen"

Haadredakteur Gerard de Jong: "Myn talinten lêge niet bij 't laiding geven an 'n bedriif. Ik bin 'n sjoernalist, gyn saaklik direkteur. Dirk en ik hewwe d'r alles an deen om de krant foor de toekomst te waarborgen. Dat is spitig genog niet lukt. Fansels raakt 't mij dat d'r 'n eand komt an de krant; De Bildtse Post sit in myn dna. An de ândere kant is 't goed soa: ik gun ôns hait de mooist dinkbere ouwe dâg, wetende wat hij d'r altyd foor deen en laten het. Foor mij komt d'r wel weer wat âns moois op myn pâd."

"Ik hew 21 jaar hoofdredakteur weze mâgen fan 'n prachtige, klaine, onôfhanklike krant, maar dat kon alleen met de hulp en inbring fan de lezers, fan de Bilkerts", seit Gerard de Jong. "In roerige tiden fan ontlezing, fergrizing fan de krantelezers en de opkomst fan 't internet is De Bildtse Post d'r in slaagd om overeand te bliven. Der hewwe wij alles an deen. Just omdat 't foor de Bildtse gemeenskap en de Bildtse taal fan groat belang is om sien te worren."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Bynmiddel

"Ik dink dat 't ferdwinen fan de krant meer dan 'n aderlating is foor de Bildtse taal en kultuur. Op dut klaine plakky grônd is De Bildtse Post dos wat de lym, 't bynmiddel in de gemeenskap. At dat weg is, is 't weg. De Bildtse taal en kultuur hewwe foor ôns altyd op 't eerste plak staan. Ik sien op dut stoit gyn inkele pertij die't die funksy overnimme kin. Ik hoop foor 't Bildts fan harte dat een in dat gat dúkt."

Dirk de Jong: "Fansels, at deuze stap 'n dârde pertij 'triggert' om te kiken at hij of sij De Bildtse Post fortsette kin, dan kin dat nag altyd, dan hore wij dat graag."

De Bildtse Post ferskynde foar it earst yn 1935. Yn de Twadde Wrâldoarloch waard it de krante ûnmooglik makke om te ferskinen, de drukkerij waard fan inket, papier en elektrisiteit ôfsnien om't se wegeren kopij en propaganda fan de Dútske besetter te pleatsen. Nei de oarloch groeide de krante rap en waard it in abonnemintskrante. Gerryt Dirks de Jong waard haadredakteur, soan Dirk de Jong letter saaklik direkteur. Doe't Gerryt Dirks yn 2000 stoar, naam pakesizzer Gerard de Jong it oer.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)