Frijwilligers helpe amfibyen mei oerstekken by Beetstersweach

17 mrt 2021 - 09:52

De dagen langje al mear en it wurdt stadichoan wer waarmer. Dat is de tiid foar amfibyen om yn beweging te kommen, mar dat bringt ek risiko's mei foar podden, kikkerts en salamanders. Se stekke drokke diken oer en rinne dêr it gefaar deariden te wurden. Frijwilligers fan Lânskipsbehear Fryslân pleatse dêrom stekken en sette de amfibyen oer.

Foto: Omrop Fryslân

"De beesten komen uit hun winterslaap en gaan op pad voor de voorjaarstrek om zich te kunnen voortplanten", seit Mieke Edens, koördinator fan de frijwilligers fan Lânskipsbehear Fryslân. "En dat doen ze in het water. Ze gaan van hun winterverblijven naar het water en daar kunnen wegen tussen liggen."

De frijwilligers binne benammen aktyf by de Oostersefjildwei by Noardwâlde en de Poostwei by Beetstersweach. "Daar staat een scherm langs de weg en daarachter staan emmers ingegraven. Daar vallen ze in en elke dag legen de vrijwilligers de emmers en zetten de beesten over in het water." Dat bart moarns om 9 oere. De dyk wurdt dan foar in part ôfset.

De frijwilligers telle de bisten ek, mar se treffe hieltyd minder bisten oan. "Landelijk is dat ook een trend, de gewone pad is afgenomen met vijftig procent. Aan de Poostweg hebben we dit jaar nog geen tachtig beesten overgezet. Dat is erg weinig. Vanaf 2017 werd het al minder. Dat komt door de droogte, toenemende druk van recreatie of omdat ze migreren naar andere stukken nieuwe natuur."

Mieke Edens fan Lânskipsbehear Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)