OERSJOCH: De ferkiezingsdei yn Fryslân

17 mrt 2021 - 08:30

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer de ferkiezingen.

  • Om 19.00 oere hinne wie it opkomstpersintaazje yn gemeente Flylân 100 persint;
  • Der binne yn Fryslân mear as 1.000 briefstimmen ôfkard, mar dat binne der minder as earder tocht waard;
  • Oant 21:00 oere binne de stimbussen iepen foar de ferkiezing fan de nije Twadde Keamer;
  • It is de tredde dei op rige dat de stimburo's iepen binne, om de kâns op coronabesmettingen te beheinen;
  • Briefstimmers dy't fergetten binne om de stimpas mei te stjoeren, kinne hjoed noch in kear stimme.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

20:14
De ein fan dit liveblog

De ferkiezingsjûn mei alle útslaggen fan de Twadde Keamerferkiezingen binne te folgjen yn in nij liveblog. Dit is de ein fan de liveblog fan woansdei oerdeis, tige tank foar it folgjen.

18:53
Dochs noch wol âlderein fysyk te stimmen yn De Westereen

In soad âlderein hat de ôfrûne wike hun stim al útbrjocht fia de post. Ek koene se earder terjochte by de stimburo's en is der de mooglikheid foar machtiging. Mar dochs kaam der noch wol âlderein nei it stimburo yn De Westereen, seit Aafie de Roos. Sy is gewoanwei soarchmanager by wensoarchsintrum Bruchelencamp. "Der hawwe noch sa'n 25 70-plussers west om te stimmen, dy hawwe dochs op de echte dei wachte. Sy woene dochs fysyk nei it stimburo. De sfear wie gemoedlik, de omkomst wie goed en it rûn de hiele moarn wol troch."

Soarchmanager Aafie de Roos fan Bruchelencamp yn De Westereen

18:24
FIDEO: Sjoch hjir nei de ferkiezingsdei yn Fryslân

It is de grutte dei: woansdei binne de Twadde Keamerferkiezingen. Healwei de middei hie yn trochsneed sa'n 43 persint fan de Friezen in stim útbrocht. Fjouwer Fryske kandidaten meitsje kâns om yn de Twadde Keamer terjochte te kommen. Op in soad plakken wie it stimmen krekt wat oars as oars: yn rommere stimlokaasjes en mei allerhanne coronamaatregels. Sjoch hjir in kompilaasje fan de Fryske ferkiezingsdei werom.

Kompilaasje fan de ferkiezingsdei

18:20
De opkomst yn Fryslân

Folgje hjir de opkomstsifers fan alle Fryske gemeenten. Dizze sifers binne folsleiner dan de sifers dy't in soad gemeenten op sosjale media fermelde, om't hjir ek betide stimmers en briefstimmers yn meinaam wurde.

De opkomst yn de Fryske gemeenten

Gemeente Opkomst
Achtkarspelen 27,71% (om likernôch 15.50 oere)
Amelân 80,85% (om likernôch 18.30 oere)
Dantumadiel 60,95% (om likernôch 18.30 oere)
De Fryske Marren 56,89% (om likernôch 18.30 oere)
Eaststellingwerf 68,72% (om likernôch 18.30 oere)
Flylân 100% (om likernôch 18.30 oere)
Harns 49,90% (om likernôch 18.30 oere)
Hearrenfean 60,18% (om likernôch 18.30 oere)
Ljouwert 47,43% (om likernôch 18.30 oere)
Noardeast-Fryslân 51,76% (om likernôch 18.30 oere)
Opsterlân 70,70% (om likernôch 18.30 oere)
Skiermûntseach 51,63%
Skylge 89,42% (om likernôch 18.30 oere)
Smellingerlân 54,78% (om likernôch 14.30 oere)
Súdwest-Fryslân 81,94% (om likernôch 18.30 oere)
Tytsjerksteradiel 42,14% (om likernôch 15.50 oere)
Waadhoeke 42,36% (om likernôch 15.50 oere)
Weststellingwerf 80,11% (om likernôch 18.30 oere)
17:40
Omrop-ferslachjouwer oan 'e bak op stimburo: "Ik haw der suver wat koarter fan sliepen"

Omrop Fryslân-ferslachjouwer Remco de Vries is woansdei net foar de nijsredaksje oan it wurk: hy set him yn op it stimburo yn Skearnegoutum. Dat wie noch bêst spannend: "Ik haw der suver wat koarter fan sliepen. Mar ik wie goed wekker en it is dochs moai dat je mei in ploech fan fjouwer minsken sitte. Je kenne se folslein net, mar it rekket dochs moai op inoar ynspile." De Vries moast der in online kursus en eksamen foar dwaan. Fan 6.45 oant 14.00 oere siet hy op it stimburo. Nei 21.00 oere moat hy de mouwen noch efkes opstrûpe mei it tellen fan de stimmen.

Stimteller foar in dei: ferslachjouwer Remco de Vries

Ferslachjouwer Remco de Vries op it stimburo - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
17:31
Anna van den Berg (18) telt de stimmen yn Twizelerheide

Se is 18 jier en telt op dizze ferkiezingsdei de stimmen yn it stimburo fan Twizelerheide: Anna van den Berg (18) regelet as folweardich stimburolid in soad saken. Der binne ferskate taken by de stimpost yn doarpshûs De Jister. Sa sjocht se ta op it dragen fan in mûlkapke, is se ferantwurdlik foar it desynfektearjen en hjit se fansels de minsken wolkom.

Sjoch hjir ek de fideo:

Anna van der Berg by de stimpotleaden - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân
17:31
Dantumadiel en Noardeast-Fryslân eksperimintearje mei stimtelwize

As om 21.00 oere de stimbussen ticht geane begjint it tellen op de stimburo's: faak giet dat oant let yn de nacht troch. Yn goed 40 gemeenten yn Nederlân lykwols net: sa ek Dantumadiel en Noardeast-Fryslân. Dêr dogge se mei oan in lanlik eksperimint. Allinne de stimmen foar eltse partij wurde teld, sa't der rap in byld is fan de útslach. In dei letter telt in nije ploech de stimmen nochris op it nivo fan eltse kandidaat.

Lês hjir mear:

16:40
Boargemaster Agricola sit de hiele jûn foar de telefyzje

Boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel fynt de ferkiezingen in feest fan de demokrasy. "Ik sit de hiele jûn foar de telefyzje, ik folgje it altyd om't ik it hiel nijsgjirrich fyn. Ik bin benijd hoe't der yn Fryslân en yn ús regio stimd is. Ik haw der in soad ynteresse yn. Dit is de dei fan de demokrasy, minsken kinne in stim útbringe op de partij dêr't sy fan tinke: hjir kinne wy de kommende fjouwer jier mei foarút." It sil noch wol efkes duorje foar't de útslaggen yn Dantumadiel bekend binne: "Eins kinst sizze dat der nei in oer as 23.00 oere dúdlik wurdt wat der yn de gemeente stimd is."

Boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel

(Advertinsje)
(Advertinsje)