Liveblog | 17 maart 2021

OERSJOCH: De ferkiezingsdei yn Fryslân

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer de ferkiezingen.
Lêst bywurke: 18 maart 2021, 08:38
woansdei 17 maart 2021
20:14

De ein fan dit liveblog

De ferkiezingsjûn mei alle útslaggen fan de Twadde Keamerferkiezingen binne te folgjen yn in nij liveblog. Dit is de ein fan de liveblog fan woansdei oerdeis, tige tank foar it folgjen.
18:53

Dochs noch wol âlderein fysyk te stimmen yn De Westereen

In soad âlderein hat de ôfrûne wike hun stim al útbrjocht fia de post. Ek koene se earder terjochte by de stimburo's en is der de mooglikheid foar machtiging. Mar dochs kaam der noch wol âlderein nei it stimburo yn De Westereen, seit Aafie de Roos. Sy is gewoanwei soarchmanager by wensoarchsintrum Bruchelencamp. "Der hawwe noch sa'n 25 70-plussers west om te stimmen, dy hawwe dochs op de echte dei wachte. Sy woene dochs fysyk nei it stimburo. De sfear wie gemoedlik, de omkomst wie goed en it rûn de hiele moarn wol troch."
Soarchmanager Aafie de Roos fan Bruchelencamp yn De Westereen
18:24

FIDEO: Sjoch hjir nei de ferkiezingsdei yn Fryslân

It is de grutte dei: woansdei binne de Twadde Keamerferkiezingen. Healwei de middei hie yn trochsneed sa'n 43 persint fan de Friezen in stim útbrocht. Fjouwer Fryske kandidaten meitsje kâns om yn de Twadde Keamer terjochte te kommen. Op in soad plakken wie it stimmen krekt wat oars as oars: yn rommere stimlokaasjes en mei allerhanne coronamaatregels. Sjoch hjir in kompilaasje fan de Fryske ferkiezingsdei werom.
Kompilaasje fan de ferkiezingsdei
18:20

De opkomst yn Fryslân

Folgje hjir de opkomstsifers fan alle Fryske gemeenten. Dizze sifers binne folsleiner dan de sifers dy't in soad gemeenten op sosjale media fermelde, om't hjir ek betide stimmers en briefstimmers yn meinaam wurde.

De opkomst yn de Fryske gemeenten

Gemeente Opkomst
Achtkarspelen 27,71% (om likernôch 15.50 oere)
Amelân 80,85% (om likernôch 18.30 oere)
Dantumadiel 60,95% (om likernôch 18.30 oere)
De Fryske Marren 56,89% (om likernôch 18.30 oere)
Eaststellingwerf 68,72% (om likernôch 18.30 oere)
Flylân 100% (om likernôch 18.30 oere)
Harns 49,90% (om likernôch 18.30 oere)
Hearrenfean 60,18% (om likernôch 18.30 oere)
Ljouwert 47,43% (om likernôch 18.30 oere)
Noardeast-Fryslân 51,76% (om likernôch 18.30 oere)
Opsterlân 70,70% (om likernôch 18.30 oere)
Skiermûntseach 51,63%
Skylge 89,42% (om likernôch 18.30 oere)
Smellingerlân 54,78% (om likernôch 14.30 oere)
Súdwest-Fryslân 81,94% (om likernôch 18.30 oere)
Tytsjerksteradiel 42,14% (om likernôch 15.50 oere)
Waadhoeke 42,36% (om likernôch 15.50 oere)
Weststellingwerf 80,11% (om likernôch 18.30 oere)
18:09

Drokker by de stimburo's foar it jûnsiten

17:40

Omrop-ferslachjouwer oan 'e bak op stimburo: "Ik haw der suver wat koarter fan sliepen"

Omrop Fryslân-ferslachjouwer Remco de Vries is woansdei net foar de nijsredaksje oan it wurk: hy set him yn op it stimburo yn Skearnegoutum. Dat wie noch bêst spannend: "Ik haw der suver wat koarter fan sliepen. Mar ik wie goed wekker en it is dochs moai dat je mei in ploech fan fjouwer minsken sitte. Je kenne se folslein net, mar it rekket dochs moai op inoar ynspile." De Vries moast der in online kursus en eksamen foar dwaan. Fan 6.45 oant 14.00 oere siet hy op it stimburo. Nei 21.00 oere moat hy de mouwen noch efkes opstrûpe mei it tellen fan de stimmen.
Stimteller foar in dei: ferslachjouwer Remco de Vries
Ferslachjouwer Remco de Vries op it stimburo © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga