Mear as de helte fan de 'ûnjildige' briefstimmen telt dochs mei

17 mrt 2021 - 06:14

Fan de briefstimmen dy't oant no ta yn Fryslân binnenkaam binne, is sa'n 3,13 persint ûnjildich. Dat blykt út in rûntsje by de Fryske gemeenten del, nei it sluten fan de stimlokalen op tiisdeitejûn.

Foto: ANP

Foar safier bekend, binne der oant no ta mear as 43 tûzen briefstimmen binnekaam by de Fryske gemeenten. Dêrfan binne der mear as 1300 ôfkard. Dy oantallen kinne in de rin fan de dei noch oprinne, omdat noch net alle gemeenten bekend makke ha hoe't it briefstimmen ferrûn is.

Nije ynstruksjes

Ut berjochten fan ôfrûne moandei die bliken dat soms 8 of 9 persint fan de briefstimmen ôfkard waard. Stimmers moasten by it briefstimmen it stimbiljet yn in slúf dwaan, en dy slúf mei de stimpas yn in oare slúf stoppe. Dat gie net altyd goed. Guon minsken hiene de stimpas en it stimbiljet yn deselde envelop dien. Dat makke de briefstim ûnjildich.

Yntusken hat minister Ollongren fan Ynlânske Saken in nije ynstruksje nei bûten brocht, dy't sokke flaters korrizjeare moat. Yn de measte Fryske gemeenten is de nije ynstruksje al op alle briefstimmen tapast. In inkele gemeente, sa as Weststellingwerf, fiert de korreksje pas út as de oare stimmen ek teld wurde.

Datasjoernalist Eva Meesterberends oer it stimmen

Trefwurden: 
Ferkiezingen briefstimmen
(Advertinsje)
(Advertinsje)