Dit is it nije swimbad fan Drachten

16 mrt 2021 - 22:00

De earste sketsen fan it nije swimbad fan Drachten binne presintearre oan de gemeenteried. Dêrút blykt dat der in wedstriidbad komt fan 50 meter, in rekreaasjepart, en in doelgroepebad. Bûten komt in wetterboartersplak. De nijbou kostet 34 miljoen euro. Der wurdt al mear as 10 jier oer praat.

It gemeentebestjoer woe it nije swimbad leaver op in oar plak ha, mar de gemeenteried bepaalde foarich jier dat it oan de Sportlaan komme moat. It nije bad soe der yn 2023 of 2024 wêze moatte.

Trefwurden: 
Drachten swimbad De Welle
(Advertinsje)
(Advertinsje)