FIDEO: Gaiske giet op jacht nei Rutte: "Sorry dat we u opnieuw storen"

16 mrt 2021 - 19:26

Yn it berneprogramma Pleinpraat fan Omrop Fryslân giet presintatrise Gaiske Meinsma dizze wike op jacht nei Mark Rutte. Se wol witte wat de polityk docht foar bern. Se treft listlûker Thierry Baudet fan Forum voor Democratie, mar mei syn antwurd is se net hielendal tefreden. Mar oft Rutte tiid foar har hat?

Pleinpraat is ien fan de programma's fan Omrop Fryslân Tsjil: dat binne programma's foar bern en jongeren fan 2 oant 15 jier. Fan Kening Hert en Harry Hazze oant Wit Wat en Jennifer to the Max. De programma's binne ûnder oare te besjen fia omropfryslan.nl/tsjil. Earder foelen de berneprogramma's ûnder de namme Skoal.tv, mar dy namme past net mear, want bern besjogge de programma's en filmkes fan Omrop Fryslân hieltyd faker bûten skoalle om.

(Advertinsje)
(Advertinsje)