Ald-ponghâlder supportersklup Cambuur moat 25.000 euro werombetelje

16 mrt 2021 - 18:53

In âld-ponghâlder fan de supportersklup Cambuur moat 25.000 euro werombetelje, sa hat de rjochtbank fan Ljouwert bepaald. De 72-jierrige ynwenner fan Hurdegaryp soe 25.6000 euro fan de feriening stellen ha.

Vrouwe Justitia - Foto: ANP

It bedrach is leger as wat it Iepenbier Ministearje easke hie. Neffens it IM moast de man ûngefear 111.000 euro oan krimineel jild fertsjinne hawwe. De man soe guod foar him privee kocht ha, sa as elektryske fytsen, wytguod en in laminaatflier. De man soe ek op kosten fan de klup in garaazjeboks hierd hawwe.

Earder feroardiele

De man is earder yn 2019 ek al feroardiele foar in oare finansjeel fergryp. Doe moast de Hurdegarypster rom 27.000 euro werombetelje, krige in wurkstraf fan 220 oeren en twa moannen ûnder betingst. Doe gie de man yn heger berop. Dat tsjinnet takom tongersdei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)