Deputearre Steaten wolle Faunabehear opdrage om it tal damherten te beheinen

16 mrt 2021 - 18:27

Der moat wat dien wurde oan de oerlêst troch deimen (damherten) yn de omkriten fan Ketlik en Nijhoarne. Dat seit deputearre Klaas Fokkinga fan de provinsje Fryslân. De lêste jierren groeit de populaasje yn it easten fan de gemeente Hearrenfean hurd. Der binne yn de streek geregeld auto-ûngelokken mei deimen. En ek frette de bisten simmerdeis wol tunen fan bewenners leech. De pleatslike belangen fan de doarpen yn de streek hawwe hjir ek al ferskate kearen oer klage by de provinsje.

In stik lân by Ketlik dêr't faak deimen sitte. - Foto: Omrop Fryslân

Yn it bestjoer fan Faunabehear Fryslân wurdt ûngelyk tocht oer it probleem mei de deimen. De fertsjintwurdiger fan de boeren is fan miening dat deimen net thúshearre yn Fryslân en dat it oantal bisten dêrom werombrocht wurde moat oant nul.

Foar natuerbehearders as It Fryske Gea is dat lêste foarstel ûnbesprekber. It Gea fynt dat de deim hiel goed yn de Fryske wâlden past. It beheinen fan it tal bisten as der tefolle oerlêst is, is besprekber foar natuerbehearders, mar it útroegjen net. Deputearre Steaten tinke der ek sa oer. "It giet om de goeie balâns tusken natuerbehear en it beheinen fan de oerlêst", seit deputearre Klaas Fokkinga dêroer.

Beskerme bisten

Fokkinga seit dat deimen beskerme bisten binne en rjocht hawwe op in leefgebiet. Mar de tiid begjint no wol te driuwen, fynt de deputearre. De provinsje is dêrom dwaande mei it formulearjen fan in opdracht om it tal deimen te beheinen. Dêr is neat ûndemokratysk oan, sa seit de bestjoerder. "Ek sa'n opdracht leit earst seis wike op besjen, en dan kin elts dy't dat wol der wat fan fine."

Deputearre Klaas Fokkinga

(Advertinsje)
(Advertinsje)