Wenning fol reek by brân yn Tsjummearum: "niet duidelijk wat er precies brandt"

16 mrt 2021 - 17:57

Meardere brânwachtkorpsen binne útriden fanwege in brân yn Tsjummearum. Neffens de bânwacht stiet dêr in wenning fol mei reek. Alle minsken soene der wol út wêze.

Foto: CAMJO Media

Brânwachtminsken út Frjentsjer, Harns en Menaam binne oproppen. Neffens de brânwacht is it "niet duidelijk wat er precies brandt."

Trefwurden: 
brân Tsjummearum
(Advertinsje)
(Advertinsje)