'Net mear bidde foar de sûnder': âld-Dronrypster Marco van der Meer poer op katolike tsjerke

As je as homopear byinoarwenje, kin je relaasje net ynseinige wurde. Mei dat stânpunt kaam de katolike tsjerke moandei. De ferklearring is dat 'God gjin sûnden ynseiniget' om't 'homoseksuele relaasjes net beskôge wurde kinne as Gods plan mei it houlik en famylje'. Marco van der Meer is poer. De âld-ynwenner fan Dronryp wol sa gau as mooglik skrast wurde út it doopregister fan de tsjerke.
© ANP
"Ik bin dus in sûnder", seit Van der Meer. Hy is katolyk doopt en falt op mannen. "Ik ha der sels net foar keazen mar ik ha der ek gjin problemen mei." Mar de katolike tsjerke wol, sa docht bliken út it saneamde Responsum ad dubium, in oplossing foar in probleem. Yn dit gefal is dat it ynseinigjen fan homoseksuele relaasjes.
Yndividuën meie wol ynseinige wurde. De katolike tsjerke wol net de yndruk wekke de kar en in libbensstyl goed te karren as it net neffens Gods plan is.

Paus

Dat falt Van der Meer rau op it dak. "Ik hie it idee dat dizze paus wat progressiver wie. Mar hy set hjir syn hanteken ûnder en set in grutte groep minsken fuort."
Dat is wat him it meast rekket ek: "Ik leau sels net yn in god. Ik ha al respekt foar minsken dy't dat al dogge. Mar wat te tinken fan LHBTQ'ers dy't al aktyf nei de tsjerke gean? Dy't al in sterke bining ha mei de tsjerke? Dan ha je as pryster al wat út te lizzen."

Utskriuwe

"Ik ha nea in probleem hân mei de tsjerke. Myn âlders hawwe mei alle leafde en respekt besletten my dopen te litten. Hartstikke moai", seit Van der Meer.
"Religy spile foar my nea in hiele grutte rol, mar ik fûn it wol hiel moai om der te wêzen. Ik hie der ek freonen. Mar no't je dit lêze, wol ik hjir út prinsipe-oerwaging net mear byhearre. Je wurde as net folweardich sjoen. Ik ha juster (moandei, red.) direkt besletten dat fersyk ta útskriuwen fan it doopregister op te stellen en te ferstjoeren", seit Van der Meer.
Hy hat syn âlden direkt opbelle om it nijs te fertellen. "Myn âlden stypje my der folslein yn", seit hy. "Dit is net in statement tsjin de tsjerke op himsels, want in hiel soad minsken fine der wol stipe. Mar it is yn myn eagen net goed dat in groep minsken fuortset wurdt as net folweardich", sa seit Van der Meer.
Harkje nei in petear mei Marco van der Meer