Alle eveneminten skrast oant en mei 5 maaie: 'It is tryst mar wier'

It sil gjin ferrassing wêze mar alle eveneminten oant en mei 5 maaie lizze der no definityf út. De besmettingssifers binne gewoan te heech, sizze de 25 boargemasters dy't lanlik it Veiligheidberaad foarmje. Dêrtroch sille Keningsdei en Befrijingsdei net mei grutte groepen fierd wurde. "It is no gewoan noch net ferantwurde," seit de Fryske direkteur fan de Veiligheidsregio Wim Kleinhuis. "It is tryst mar wier."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De besmettingssifers binne op dit stuit te heech om ferantwurde in evenemint te hâlden, seit Kleinhuis. Fiif maaie liket fier fuort, mar neffens Kleinhuis hat dat meardere redenen. "As earste is it sa dat, as jo in evenemint hâlde wolle, jo no al oanfragen dwaan kinne moatte. Want dy prosedueres kostje noch wol in protte tiid. Minsken moatte ek beswieren yntsjinje kinne. Dêr wurdt it no te koart dei foar. Twadde is dat de besmettingssifers gewoan net sakje. Dy binne te heech en we sjogge se de kommende tiid ek net omleech gean. De tredde golf komt deroan."

Pinebúk

Neffens Kleinhuis is it gjin beslút dat se mei in soad wille nimme. "Elkenien hat hjir in pinebúk fan. Want alle boargemasters wolle leaver tastimming foar evenemint jaan, mar se moatte dizze kar wol meitsje." Dat wurdt hieltyd dreger, seit Kleinhuis, want de corona-perioade duorret hieltyd mar langer. "It besef foar it skrassen fan eveneminten is der noch wol, mar elkenien fynt it swier. We moatte echt trochbite. De grutte eveneminten lykje noch hiel fier fuort. Mei 50.000 man by elkoar komme, dat is noch gjin dwaan. Jo binne der wol sêd fan hast."