Basisskoalle Drylts hiele wike ticht om corona

Kristlike basisskoalle De Twine yn Drylts is yn alle gefallen noch oant de ein fan dizze wike ticht, fanwege in besmetting mei it coronafirus. Dat meldt de skoalle.
© ANP
Ferline wike waard by ien fan de learlingen corona fêststeld. By trochfreegjen die bliken dat der mear minsken mei klachten wiene. Testen wiisden út dat der bern út meardere groepen besmet rekke wiene. Ek in part fan it personiel hat in positive coronatest ôflein.
De bern hawwe allegear gjin of mylde klachten, mar it liket der neffens direkteur Gerben Veenstra wol op dat dy bern mekoar besmet hawwe.
Yntusken binne ek yn de gesinnen dêr't de skoalbern by hearre meardere besmettingen fêststeld. De skoalle kin op syn betiidst moandei wer iepen, seit de direkteur. Oant dy tiid wurde lessen online jûn.