Plysje en justysje meitsje rekonstruksje fan deadlike stekpartij yn Mûnein

Plysje en justysje binne tiisdei dwaande mei in rekonstruksje fan in stekynsidint dat him ferline jier juny ôfspile yn in hûs yn Mûnein. Dêrby kaam in 43-jierrige man fan Almere om it libben en in 38-jierrige man fan Mûnein rekke swier ferwûne. In 27-jierrige man út Mûnein sit fêst foar it misdriuw.
Sjoch nei de reportaazje
De advokaat fan de fertochte woe graach dat de saak rekonstruearre waard. De advokaat sil nei alle gedachten needwar bepleitsje foar syn kliïnt.
Ein augustus fan foarich jier hat de fertochte yn de finzenis fan Zwolle in oare detinearde mei in ôfslipe pinne yn syn holle stutsen. Ek dêrfoar sil hy ferfolge wurde. Yntusken is de fertochte oerpleatst nei de Extra Beveiligde Inrichting (EBI) yn Vught.
By de rekonstruksje fan de deadlike stekpartij is de strjitte ôfset en binne om it hûs skermen set.