Sel foar oplichter dy't namme advokaat brûkte om te beteljen

16 mrt 2021 - 15:55

De rjochtbank yn Ljouwert hat in 55-jierrige man út it midden fan it lân tsien moanne sel jûn omdat er ferskate ûndernimmers yn Ljouwert, Harns en Snits oplichte hat. De man slepte yn hotels en bêd en brochjes en iet yn restaurants sûnder te beteljen. Ek brûkte er in pear kear de namme fan syn advokaat as er betelje moast.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De straf wie it selde as de eask fan de offisier fan justysje. De man krige ek in selstraf ûnder betingst fan fiif moannen mei in proeftiid fan trije jier.

De fertochte wie yn in auto dy't hy by in garaazjebedriuw fertsjustere hie nei it Noarden kaam. Hy soe op syk west hawwe nei syn advokaat. Dy wie 'not amused' dat syn kliïnt twa kear syn namme neamd hie doe't er ôfrekkenje moast by in Sinees en in tankstasjon yn Harns.

By de fertochte is in anty-sosjale persoanlikheidsstoarnis fêststeld. Hy hie yndertiid gjin jild en gjin dak boppe syn holle. Der is plak foar him by in helporganisaasje, dêr sil hy pas nei ta kinne as hy syn straf útsitten hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)