Bestjoerder naait út nei ûngelok yn Ljouwert, traumahelikopter oproppen

De plysje hat twa minsken oanholden dy't belutsen wêze soene by in ûngelok yn Ljouwert. Ien frou rekke dêrby ferwûne. In wurdfierder fan de plysje koe net sizze hoe't it mei har wie.
© Kappers Media
It ûngelok wie oan de Albedastins yn Ljouwert. In auto dy't dêrby belutsen wie, ried troch. Yntusken is de auto fûn.
Op it plak fan it ûngelok binne meardere ambulânses sjoen. Der is ek in traumahelikopter oproppen.
It is net dúdlik wat der presys plakfûn hat. De plysje hat de saak yn ûndersyk.