Skoalbern yn Harns meitsje earste plûns yn tiden

16 mrt 2021 - 15:20

Dûke, wettertraapje, swimme en kopke ûnder: de skoalbern fan basisskoalle Het Noorderlicht yn Harns mochten tiisdei wer te skoalswimmen, mei tank oan de ferrommngen fan de coronamaatregels. Dat diene se yn swimbad 't Derde Haad yn de stêd. Neffens it kabinet is it wichtich dat bern de kommende simmer feilich swimme kinne.

Skoalbern meitsje earste plûns yn tiden

Der binne wol regels. De klaaikeamers binne iepen, mar de dûsen net. Bern moatte thúsbliuwe by klachten en âlden moatte bûten op harren bern wachtsje. De bern litte har der yn alle gefallen net troch tsjinhâlde. "Ik vind het heel leuk", seit ien fan harren. "Ik heb het heel erg gemist, zwemmen", seit in oar.

"Doe't ik juster sei dat we wer swimme soene, hiene se der in hiel soad sin oan", fertelt juf Karin. "Se wiene moarns ek al wat ûnrêstich. Se woene graach wer swimme." Yn it oere dat earder frijmakke waard foar swimles giene de bern de ôfrûne tiid nei skoalle ta. "Mei it thúsûnderwiis is der wol in soad tiid ferlern gien. Yn dat oere hawwe we no rekkenjen, taal en stavering dien."

Achterstân swimdiploma's

Lokaasjemanager Yvonne Outhuijse fan 't Derde Haad is ek bliid dat de bern der wer binne. "Fantastisch, je ziet echt weer beleving. De kinderen hebben er echt plezier in", fertelt se. "Ze hebben ook best wel lang niet gezwommen en dan merk je gewoon dat het minder is geworden. Maar het gaat nu best wel goed."

De planning wie om de bern yn febrewaris ôfswimme te litten foar harren swimdiploma. "Dat is niet gelukt. Wij moeten nu gewoon kijken wat ze kunnen. Daarna gaan we kijken hoe het verloopt, want ze moeten uiteindelijk wel voor hun diploma gaan", seit Outhuijse. Se hopet dat de bern yn maaie of juny it sertifikaat krije.

Neffens de Stichting Nationale Raad Zwemveiligheid is it wichtich dat de achterstannen yn it swimûnderwiis yn ferbân mei de feiligens ynhelle wurde. Tusken de 250.000 en 300.000 bern soene harren swimles mist hawwe doe't de swimbaden sletten wiene.

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar praat mei Yvonne Outhuijse

(Advertinsje)
(Advertinsje)