Minder as 200 nije coronabesmettingen; fiif stjergefallen yn Fryslân

16 mrt 2021 - 15:21

It RIVM meldt tiisdei 195 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne ûngefear likefolle as in dei earder. Moandei binne der 208 nije besmettingen meld. Yn de ôfrûne wike binne der alle dagen yn trochsneed 212 besmettingen konstatearre.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn gemeenten Súdwest-Fryslân (50), Ljouwert (25) en Smellingerlân (21).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren fiif stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan de gemeente Achtkarspelen, Ljouwert, Opsterlân, Smellingerlân en Dantumadiel.

Der binne gjin sikehûsopnamen meld as gefolch fan it firus.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 4985 minsken besmet mei it coronafirus yn de ôfrûne 24 oeren.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)