11Fountains takom sneon wer yn gebrûk mei Kletterdei

16 mrt 2021 - 15:16

De alve fonteinen fan de Fryske stêden wurde fan sneon ôf wer oanset by de saneamde Kletterdei. De fonteinen, dy't by Leeuwarden-Fryslân 2018 yn alle stêden delset binne, wurde mei in digitaal momint wer yn wurking set. Kletterdei is de earste dei dat de fonteinen wer oangeane. De fonteinen wurde elke winter útset.

De 11fountains-fontein ‘Kievit’ fan Lucy en Jorge Orta yn Sleat - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Mei troch it coronafirus sil Kletterdei dit jier gjin grut evenemint wurde. Om 09.00 oere sil in fideo live gean op www.friesland.nl/11fountains wêryn't de keunstwurken dochs foar in breed publyk te bewûnderjen binne. Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, sil in stik foardrage.

(Advertinsje)
(Advertinsje)