Omtinken foar projekt Friesland College

website Friesland College © frieslandcollege.nl
In fernijende oanpak om foar te kommen dat learlingen sûnder diploma fan skoalle gean yn it Ljouwerter Friesland College krijt lanlik omtinken. It Nederlands Jeugd Instituut ûndersiket de oanpak mei de namme De School als Werkplein om it fierder te ûntwikkeljen. De oanpak betsjut dat der regelmjittich in jeugdhelpferliener op de ôfdielings sit en sels yn de klassen.
Dêrmei wurde problemen folle gauwer oanpakt en is it oerlis oer in oplossing gâns makliker. De fernijende metoade is yn 'e mande mei de gemeente Ljouwert opset en wurdt stipe troch de provinsje.