Sneltsjinst nei It Amelân langer út de feart fanwege coronakarantêne

16 mrt 2021 - 15:00

De sneltsjinst tusken Holwert en It Amelân kin tiisdei en woansdei noch net farre. De boat is út de feart fanwege technyske problemen. De reparaasje rint fertraging op omdat de monteurs op it heden yn karantêne sitte, fanwege it coronafirus.

De snelboat nei It Amelân - Foto: Wagenborg

Rederij Wagenborg docht der alles oan om de sneltsjinst tongersdei wol wer yn te setten. Reizgers dy't boekt hiene foar de sneltsjinst, krije berjocht fan Wagenborg oer hoe't it probleem foar har oplost wurde kin.

Trefwurden: 
It Amelân sneltsjinst
(Advertinsje)
(Advertinsje)