Crowdfunding foar ûndernimmers yn need op De Gordyk grut sukses

16 mrt 2021 - 14:43

In jildynsammelaksje foar ûndernimmers yn need op De Gordyk hat al mear as sechstichtûzen euro opsmiten. Undernimmers yn de problemen krigen in boadskippepakket fan de fjouwer supermerken yn it doarp. By dat pakket siet in útnûging om kontakt op te nimmen mei in fertrouwenskommisje om oan te jaan wêr't se ferlet fan hiene.

Foto: Google Street View

Dy kommisje hat yntusken mei in bepaalde ferdielsleutel jild útdield oan de ûndernimmers yn de problemen. De inisjatyfnimmers fan de aksje sizze dat ûndernimmers dy't gjin problemen ha, har kollega's yn need graach helpe wolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)