Bedriuw helpt skippers WL22 út de brân mei ferfangende skroef

16 mrt 2021 - 14:27

De bemanning fan it fiskersskip WL22 út Lauwerseach kin takom wike de see wer op. De manlju hawwe fergees in geskikte skroef oanbean krigen, sa skriuwt de frou fan skipper Jitze Vanger op Facebook. Yn maart waard de skroef fan it skip stellen, wêrtroch't de fiskers net mear farre koene en flink wat ynkomsten misrûnen.

Foto: RTV NOF

In skipsskroefreparaasjebedriuw yn Kampen hie foar de manlju noch in reserveskroef lizzen. "Wy hoopje tongersdei wer it wetter yn te gean en dêrnei hawwe we noch in wike nedich om de motor klear te meitsjen", fertelt Jitze. As dat klear is, kinne se de netten wer útsmite. "Wy binne bliid dat de skroeveman noch wat hie te lizzen foar ús."

It mystearje oer wêr't de skroef bleaun is, bliuwt lykwols ûnoplost. "Wierskynlik is dy al lang fuort en sille wy dy ek net werom fine", fertelt Jitze. It bliuwt in riedsel foar de fiskers en sy soene graach witte wolle wêr't it ûnderdiel keard is. De kamerabylden fan in gebou yn de buert hawwe oant no ta neat opsmiten.

Trefwurden: 
fiskersskip WL22 Jitze Vanger
(Advertinsje)
(Advertinsje)