Tal ôfkarde briefstimmen yn Fryslân rap nei ûnderen troch nije regels

16 mrt 2021 - 21:31

It tal ôfkarde briefstimmen giet rap nei ûnderen neidat minister fan Ynlânske Saken Kajsa Ollongren de spulregels oanpast hat. Dat docht bliken út in earste ynventarisaasje op tal fan plakken yn Fryslân dêr't sûnt tiisdeitemoarn de brieven iepen makke wurde fan minsken dy't fia de post stimd hawwe.

Sjoch nei de reportaazje

De stimmen wurde noch net teld, mar wol wurdt sjoen oft se oan de easken foldogge. En dat is no sa, yn de measte gefallen. Mar yngewikkeld is it wol.

Eelko Bosma hâldt tafersjoch op stimburo's yn De Fryske Marren en leit út hoe't it de kommende dagen fierder giet. "Alles wat we oant no ta binnenkrigen hawwe, dat hawwe we sammele. Hjoed (tiisdei, red.) sille we dat foariepenje. Dan sjogge we oft de minsken de stim op de goede wize útbrocht hawwe. As dat sa is, dan dogge we se yn in stimkontener en moarn (woansdei, red.) sille we echt telle", sa seit Bosma.

Gerkeskleaster makket him klear foar de ferkiezingen

Trefwurden: 
Ferkiezingen briefstimmen
(Advertinsje)
(Advertinsje)