Advokaten yn Vidar-saak sette fraachtekens by tastimming foar kriminele boargerynfiltrant

De advokaten fan twa fertochten yn de drugssaak Vidar sette fraachtekens by de tastimming foar de ynset fan in kriminele boargerynfiltrant. Neffens harren docht út de stikken net bliken dat de minister dêr eksplisyt tastimming foar jûn hat. Dat seinen de advokaten op in pro-formasitting fan de drugssaak.
Auke Zeldenrust
"Wat een belangrijke voorwaarde is, is dat de minister toestemming geeft voor de inzet van een criminele burgerinfiltrant. Op basis van dat wat de minister in zijn briefje hier heeft laten weten kun je vraagtekens zetten of de minister hier daadwerkelijk toestemming geeft voor die inzet", seit advokaat Erik Stoeten.
Der binne dizze wike trije dagen útlutsen foar de pro-formasittingen fan trettjin fertochten. Yn totaal binne der 22 fertochten yn de saak. Pas nei de simmer wurdt de saak ynhâldlik behannele.
Begjin maart die de plysje ynfallen yn ûnder oare Westergeast, Surch, Ljouwert en Noardburgum en der waard in drugstransport fan 86 kilo speed nei Finlân ûnderskept. Om de binde op te rôljen waard in boarger-ynfiltrant ynset.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust yn petear mei advokaat Erik Stoeten