Fryske musea en erfgoedynstellings krije skinking út neilittenskip Van Haersma Buma

16 mrt 2021 - 12:30

Ferskate Fryske musea en erfgoedynstellings hawwe in skinking krigen út de neilittenskip fan silger Bernhard van Haersma Buma en syn frou Elly van Haersma Buma-Van Werkum. Oanlieding is it ferstjerren fan âld-boargemaster fan Warkum en Snits Bernhard van Haersma Buma ôfrûne jier. Hy wie de heit fan hjoeddeistich boargemaster fan Ljouwert Sybrand van Haersma Buma.

It learen beurske dat it Fries Museum krige - Foto: Fries Museum

Nei't de âld-boargemaster yn 1993 mei pensjoen gie, sette hy him yn foar de Fryske skiedskriuwing. Hy hat ûnder oare wichtich west foar it Fries Museum om't hy altyd ree wie om mei te helpen mei ûndersyk nei kolleksje-ûnderdielen. Dêrneist wist hy wichtich erfgoed foar Fryslân te behâlden of te ferkrijen.

Ferskate Fryske musea en ynstellings krigen de kâns om objekten te selektearjen út it hûs fan Bernhard van Haersma Buma (1932-2020) en syn frou Elly van Haersma Buma-van Werkum (1933-2019) yn Ljouwert.

It Fries Museum krige in 17e-iuwsk servet, in learen beurs út 1775 en in briefiepener. It Fries Verzetsmuseum krige ferkate dokuminten fan Sybrand Marinus van Haersma Buma, de heit fan Bernhard. As boargemaster fan Wymbritseradiel kaam hy iepenlik yn ferset tsjin de Dútske besetters troch it dragen fan in spjelde mei de byltenis fan keninginne Wilhelmina. Nei oanlieding dêrfan waard hy arrestearre. It fersetsmuseum krige brieven dy't hy skreau oan syn frou út de finzenskip wei, en boartersguod en in hânskreaune befrijingsflagge fan soan Bernhard.

Bysûndere brieven

Sybrand Marinus waard earst fêstset yn de finzenis fan Scheveningen. Dêrnei siet hy yn de kampen Amersfoort en Oberhausen. Uteinlik waard hy oerbrocht nei it konsentraasjekamp Neuengamme, dêr't hy ferstoar. "Yn finzenskip wie der sprake fan strange sensuer en dat sjochst ek yn de brieven", fertelt konservator Marre Sloots fan it Fries Verzetsmuseum. "It giet dêryn oer hiele alledeiske dingen. Hy freget hoe't it mei de bern en de famylje giet. Mar dat is hiel ynteressant, want wat der net yn stiet, seit like folle."

De boargemaster wist doe noch net wat him boppe de holle hong. "Yn Fryslân wiene der doe noch net in soad minsken ombrocht fanwegen harren fersetswurk. Dus hy hie it idee dat hy der wol útkomme soe. Op dat momint hie hy noch net yn de gaten dat it him fataal wurde soe", seit Sloots.

Konservator Marre Sloots fan it Fries Verzetsmuseum oer de skinking

Keramiekmuseum Princessehof kin troch de skinking in porsleinen skûtel út Japan út de 17e iuw oan de kolleksje taheakje. It Fries Scheepvaart Museum krige, ek fan Sybrand Marinus van Haersma Buma, in readkoperen molkamer. It Fries Landbouwmuseum krige in stiennen ierappelskaal, twa beslachpotten en in wettertsjettel.

Dekema State yn Jelsum krige ûnder oare in linnenparse, in dôfpôt en in Fryske sturtklok. De Oudheidkundige Vereniging Warkums Erfskip krige ûnder mear in kleedsje, makke troch nonnen fan it Sint Gertrudis Gesticht yn de stêd, en inkelde pinnings.

De 17e-iuwske Japanske skûtel wie foar Keramiekmuseum Princessehof - Foto: Fries Museum

Tresoar krige ta beslút de boekekolleksje út de famyljestifting Buma yn brûklien. Dêryn sitte bysûndere wurken dy't in goede oanfolling binne op de kolleksje fan Tresoar.

Ek oare saken út it famyljeargyf wurde yn brûklien jûn, lykas de delslach fan de ûndersiken op genealogysk en historysk mêd dy't Bernhard en syn heit Sybrand yn de rin fan de jierren dien hawwe en de taspraken en lêzings fan Bernhard. Neist ûndersiker by Tresoar wie hy ek jierren aktyf as frijwilliger, benammen by it ûntsluten fan de âld-rjochterlike argiven fan Warkum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)