Achtenfyftich (mooglike) coronapasjinten yn Fryske sikehûzen

16 mrt 2021 - 11:35

Der lizze op it stuit 58 coronapasjinten of minsken fan wa't tocht wurdt dat se corona hawwe yn de Fryske sikehûzen. Dêrfan lizze 19 op in IC-bêd. Dat docht bliken út sifers fan it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland (AZNN).

In sikehûsbêd - Foto: Shutterstock.com

It AZNN updatet de sikehûssifers twa kear yn 'e wike. Sûnt 5 maart nimt it oantal minsken dat (mooglik) corona hat op de IC stadichoan ôf, doe wiene it der 24.

Der lizze op it stuit 39 corona(-fertochte) pasjinten op in net-IC-bêd. Op 5 maart wiene dat der 55. Op 9 maart wie der in sterke delgong nei 30, mar dêrnei rûn dat oantal wer stadichoan op.

Noarden

It AZNN bondelet de sifers yn de noardlike trije provinsjes. Yn Grinslân lizze der no 28 (mooglike) coronapasjinten op in IC-bêd, yn Drinte mar sân. Op in net-IC-bêd lizze der yn Grinslân 37 (mooglike) coronapasjinten, yn Drinte 24.

Der lizze op de Noardlike IC's fjouwer minsken út in oare regio en op de gewoane ôfdielings twa minsken út in oare regio.

(Advertinsje)
(Advertinsje)