T(er)reurprotters op It Hearrenfean noch hieltyd net fongen, plan B in opsje

De treurprotters fan It Hearrenfean binne noch hieltyd net fongen. De jacht op de trije fûgels waard ferline wike iepene nei't se earder ferline jier spotten wiene yn in wyk. De eksoaten binne in gefaar foar oare fûgels. De treurprotters ferniele geregeld nêsten of deadzje jonge fûgels en kinne boppedat ek sykten meibringe. Nei alle gedachten binne se út in foliêre ûntsnapt.
© ANP
Om se te fangen hat ekolooch Johannes Ruurd Fokkens fjouwer koaien yn de wyk delset. Mochten se dizze wike net yn de koaien sitte, dan sil de ekolooch oer op Plan B. Dat is mei netten ûnder in beam de bistjes fange.
Johannes Ruurd Fokkens (R) by in koai © Omrop Fryslân, Willem Vermeltvoort