Kuiertochten 'Lopend Vuur' komme by inoar by 'tintekampemint' yn Den Haag

16 mrt 2021 - 11:03

Sûnt 1 maart binne der troch it hiele lân kuiertochten en 'wakes' organisearre yn it ramt fan 'Lopend Vuur'. De dielnimmers freegje omtinken foar in humaan migraasjebelied. Tiisdeitemiddei komme al dy kuiertochten by inoar yn Den Haag. Dat sil barre mei in tintekampemint en mei in eksposysje fan uteringen fan protest.

Foto: Facebook MiGreatNL

Alle dagen binne der fjouwer kuiertochten of mear holden en yn totaal 70 'wakes'. Dêr hawwe neffens de organisaasje goed 3.500 minsken oan meidien. "Seker yn coronatiid is dat in hiel soad. Dat jout ek oan: hoesa gjin draachflak foar humaan migraasjebelied?", seit ien fan de organisatoaren, Klaas de Haan.

"Wat der op dit momint bart is in grutte trageedzje oan ús Europeeske grinzen. Ik sis mei opset ús, want de Europeeske Uny dat binne wy. Wat wy dêr dogge is: we litte minsken krepearje yn kampen, boaten mei bern drukke wer werom yn de see en dy litte we ferdrinke foar ús eagen. Dat bart, dizze wantastannen. Dat wurdt tolerearre", seit De Haan.

Minskerjochten

"Wy wolle yn in lân libje wêr't de minsklikheid foarop stiet. Wêr't de universele ferklearring fan de rjochten fan de minske, dy't yn 1948 ûndertekene is troch ús, neikaam wurdt. Dat bart op dit momint net", fynt hy.

It slotstik fan 'Lopend Vuur' is tiisdei yn Den Haag. "Op it plein flak by it Binnenhof hawwe wy besocht Moria nei te bouwen. Der binne ferskate sprekkers en we hawwe ferskate politisy útnûge. Dy komme ek te sprekken. De Lopende Vuren wurde oerhandige oan dizze minsken. En der wurdt in oprop dien: asjebleaft respektearje dizze minskerjochten, dy't we allegearre hawwe, mar dizze minsken ek."

Klaas de Haan oer Lopend Vuur

Trefwurden: 
flechtlingen Lopend Vuur
(Advertinsje)
(Advertinsje)