Mear meldings op miljeu-alarmnûmer FUMO yn 2020

16 mrt 2021 - 10:36

De FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing) krige ôfrûne jier fia it provinsjale miljeu-alarmnûmer goed tweintich persint mear meldings fan oerlêst as in jier earder. Yn 2020 kamen der 684 meldings binnen. Dat binne der 154 mear as yn 2019, wylst it oantal meldings yn de foargeande jierren just ôfnaam. De measte klachten giene oer stank- of lûdsoerlêst.

Foto: Omrop Fryslân

De FUMO fiert foar de Fryske gemeenten, de provinsje en it Wetterskip fergunningferliening, tafersjoch en hanthaving út op it mêd fan natuer en miljeu. Fia it miljeu-alarmnûmer kinne ynwenners fan Fryslân dei en nacht melding dwaan fan miljeuklachten en natuerskea oan tafersjochhâlders fan de FUMO.

Sûnt 2014 nimt it oantal meldings fia it miljeu-alarmnûmer elts jier ôf. Yn 2020 krige de FUMO lykwols foar earst wer mear meldings. Neffens tafersjochhâlder Aize Terpstra komt nei alle gedachten troch de coronamaatregels. "Minsken wiene yn it ôfrûne jier troch de lockdown en it thúswurkjen oerdeis folle mear thús. Miskien dat dêrtroch mear oerlêst konstatearre is."

Foto: Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO)

Minder stankoerlêst

Hoewol't it oantal meldings tanaam, wiene der minder meldings fan stankoerlêst: 77 yn 2020 tsjinoer 90 yn 2019. Benammen by Sonac yn Burgum, in bedriuw dat dierlike byprodukten ferwurket, namen de klachten oer stank ôf. Sonac hat 4,5 miljoen euro ynvestearre yn apparatuer dy't stankoerlêst beheint.

De FUMO krige de measte meldings oerdeis. Mar ek nachts belje minsken, bygelyks in man fan Drachten fanwegen lûdsoerlêst fan heftrucks dy't de hiele nacht hinne en wer rieden. Der kamen ek meldings binnen oer de natuer, lykas it fersteuren fan bistsoarten, streuperij of it yllegaal kappen fan beammen of houtsingels. Yn Bûtenpost waard bygelyks fjoerwurk brûkt om rôffûgels te ferjeien.

Foto: Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO)

Bedriuwen moatte sels ûngewoane miljeufoarfallen trochjaan fia it miljeu-alarmnûmer. Dêrby giet it om steurings yn in proses wêrtroch't der lûdsoerlêst ûntstiet of it ûnbedoeld fuortspielen fan guod yn it wetter of it rioel. Yn 2020 krige de FUMO 273 meldings fan bedriuwen. Sa die Omrin in melding dat in part fan it ôffal op Ecopark De Wierde nachts fan it stoart skood wie en yn de ringsleat bedarre wie.

It miljeu-alarmnûmer stiet yn 2021 ek wer iepen. De FUMO seit mei klam dit it nûmer allinnich bedoeld is om oerlêst fan bedriuwen te melden. Foar klachten feroarsake troch partikulieren, lykas hûnepoep, swalkôffal of oerlêst fan buorlju kinne minsken telâne by harren gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)