Ljouwerter fabryk foar ienpersoans-autokes hellet oardel miljoen op yn trije dagen

16 mrt 2021 - 10:19

It giet goed mei it Carver-fabryk yn Ljouwert. Sa goed dat it bedriuw, dat elektryske ienpersoansautokes makket, yn trije dagen oardel miljoen euro oan ynvestearringen ophelle hat. Dat jild is bedoeld foar de produksje fan de Carver Cargo, in lytse bedriuwsauto foar stedssintra.

Ljouwerter fabryk foar ienpersoans-autokes hellet oardel miljoen op yn trije dagen

Anton Rosier, it haad fan Carver, hie net tocht dat it sa fluch gean soe. "Dat was zeer opmerkelijk, maar ook heel leuk. We hebben gezien dat op de lening die wij hebben uitgeschreven in drie dagen zowel hele grote investeerders als heel veel kleine investeerders hebben ingeschreven. Dat geeft natuurlijk heel veel vertrouwen, dat andere mensen zien dat waar we mee bezig zijn de toekomst is", sa seit Rosier.

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar seach by Carver

Hieltyd mear stêden ferbiede disel-auto's, -buskes en -frachtweinen yn it sintrum. Dêrfoar kin Carver neffens Rosier in oplossing biede. "Het is geen alternatief voor al het vervoer, maar er zijn heel veel bedrijven die op zoek zijn naar elektrische busjes. Die zijn vaak al 40.000 tot 50.000 euro", seit Rosier.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

"Dus gaan ze ook goed kijken hoeveel gereedschap en onderdelen heeft onze servicemonteur nou echt nodig?", leit hy út. "KPN heeft gekeken. Die hebben vier kratten nodig. Twee met gereedschap en twee met onderdelen. Hier kunnen acht kratten in. Met andere woorden meer dan genoeg om hun werk te doen. Plus dat ze ook geen problemen meer hebben met parkeren."

Carver hopet dit jier noch tusken de 1.200 en 2.000 autokes út te leverjen.

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn petear mei Anton Rosier

Trefwurden: 
Ljouwert Carver autofabryk
(Advertinsje)
(Advertinsje)