Kollum: "Drûgje dyn triennen, meitsje der in moaie dei fan"

"Sneontemoarn wie it. De wyn jage de wolken as hazzehûnen oer de loft. Ut en troch klettere in bui tsjin it rút. Binnen prottele de kofje, en hie de appeltaart in ekstravagante pet fan slachrjemme op 'e kop. De krante lei iepenslein oer de tafel. Omtzigt vreest rumoer in zijn partij, lies ik. Stichtingsbestuur Cambuur stapt op. Coronavirus nog flink aanwezig op de werkvloer. 30 miljoen schade door lentestorm. Business as usual.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
Doe wie dêr ynienen in ynterview mei Bibian Mentel. Ynklusyf in foto dêr't se mei har man en har soan op stie, grutsk laitsjend. Alle trije hiene se in tattoo sette litten fan in libbensbeam, as teken fan ferbûnens. Bibian Mentel is in sportfrou dy't al 20 jier mei kanker te krijen hat. Se wie al seis kear Nederlânsk kampioen snowboarden, doe't yn 'e tarieding op de Olympyske Spelen fan Salt Lake City yn 2002, in tumor sa grut as in tennisbal yn har skynbonke fûn waard. Har skonk moast amputearre wurde. Sân moannen letter waard se op 'e nij kampioen, no mei in proteze.
Yn dat nije libben waard se in paralympyske sporter dy't fan alles wûn. Dochs kaam de kanker hieltyd werom. De iene nei de oare operaasje folge, mar alle kearen riisde Mentel oerein. Se waard in symboal fan oerlibbingskrêft, in ynspiraasje foar elkenien, jong en âld, siik of net. Yn 2016 waard se lykwols foar it earst opjûn. Dat soarge foar panyk by har man en har bern. Mar troch in kombinaasje fan goede spesjalisten, goede medisinen en har troch positiviteit oanjage wilskrêft, wûn se twa jier letter, by de Winterspelen yn Pyeongchang, twa kear goud.
Dy ûnhuerich sterke frou, dy't nettsjinsteande pine en swiere behannelingen altyd seach nei wat noch wol koe, sit no echt yn har lêste dagen. Yn in wykein dat Nederlân útinoar barste fan de sportsuksessen, krige Bibian Mentel te hearren dat se útsieddings yn de holle hie. Yn it krante-ynterview fertelt se hoe't se mei dy wittenskip omgiet. No't se foar it meastepart op bêd leit, genietet se fan alle moarnen dat se wekker wurdt. Genietet se fan de sinne dy't skynt, fan de iikhoarntsjes yn de tún en fan de reindrippen op it rút. Se seit dat se net leaud yn in God, mar yn de leafde. Dat de wrâld moaier wurdt as elkenien oan in oar tinkt. Se jout oan datst der bêst ris trochhinne sitte meist, dy mominten hat se sels ek wol, mar dat se fan har mem leard hat om net yn dyn fertriet te ferdrinken. 'Drûgje dyn triennen, meitsje der in moaie dei fan.'
Nei it lêzen fan dat ynterview lei ik de krante oan 'e kant. De rest fan it nijs wie folslein relatyf. De kat siet te knypeagjen yn in seldsum sinnestrieltsje. Fûgels fleagen fan en ta. De kofje wie hyt en sterk. It wie in moaie dei."