VNO-NCW ropt 16 maart út ta 'Dei fan de ûndernimmers dy't it dreech hawwe'

It is dizze tiisdei presys in jier lyn dat de earste lockdown yngie. Sûnt 16 maart 2020 binne de doarren fan in soad ûndernimmings ticht. Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW beneamt dizze dei dêrom ta 'Dei fan de ûndernimmers dy't it dreech hawwe', wêrmei't se minsken oantrúnje om lokale ûndernimmers te stypjen.
© Shutterstock.com
VNO-NCW ropt yn coronatiid op ta solidariteit mei troffen ûndernimmers en trunet minsken oan om lokaal te keapjen en te keapjen by ûndernimmings dy't it dreech hawwe. "Ik vind dat we vandaag best eens stil mogen staan bij alle mensen die toen al hun zaak moesten sluiten", seit Sieger Dijkstra fan VNO-NCW. "Zij verdienen een hart onder de riem en wat steun. We kunnen niet alleen naar Den Haag kijken, we moeten ook zelf kijken hoe we ondernemers aan een stukje omzet kunnen helpen."

Mentale stipe

Dat kin neffens Dijkstra bygelyks troch ûndernimmers yn de buert te beljen en efkes del te gean. Of troch lokaal in bosk blommen foar harren te keapjen. Mar ek troch te freegjen hoe't it mei harren giet en oftst wat foar harren dwaan kinst. Dy mentale stipe helpt de ûndernimmers neffens VNO-NCW troch de coronakrisis hinne.
De wurkjouwersorganisaasje sjocht al in soad moaie inisjativen ûntstean, lykas op De Gordyk, dêr't ûndernimmersferienings harren leden en klanten freegje needlijende ûndernimmers te stypjen. Dat bart bygelyks mei crowdfunding, wêrfan't de opbringst oprint ta de 70.000 euro. Of in freonegroep yn Ljouwert dy't by in brouwerij yn Harns bier ynkocht foar de eigener fan in restaurant yn Ljouwert, wêrmei't hy wat ekstra's fertsjinje kin.
"Dat is echt ondernemerschap: initiatiefrijk, innovatief en samen. Want alleen zo komen we de crisis door", skriuwt VNO-NCW.
Sieger Dijkstra fan VNO-NCW