Coaches fan CNV biede harkjend ear foar soarchmeiwurkers

16 mrt 2021 - 06:59

Soarchmeiwurkers dy't it dreech hawwe troch de coronakrisis of dy't harren ferhaal kwyt wolle, kinne sûnt moandei telâne by it CNV. It fakbûn set sa'n tûzen profesjonele coaches yn dy't ekstra mentale stipe en in harkjend ear biede. "Wij zagen de druk op mensen die in de zorg werken enorm toenemen. Niet alleen fysiek, maar ook mentaal", seit Anneke Westerlaken fan it CNV.

Thússoarch - Foto: Shutterstock

Minsken dy't earne oer prate wolle of gewoan harren ferhaal kwyt wolle, kinne by it bûn telâne, oft sy der no lid fan binne of net. "Wij vonden het belangrijk om er te zijn voor mensen die hun verhaal kwijt willen", ferfolget Westerlaken. Soarchmeiwurkers kinne yn de petearen stoom ôfblaze, sadat de druk yn coronatiid net te heech wurdt foar harren. "Het gaat om professionele coaches die vrijwillig een luisterend oor bieden."

It CNV sjocht dat hûnderten soarchmeiwurkers op it stuit ferlet hawwe fan sa'n petear. "Zij kunnen dus snel aan een coach worden gekoppeld." Mar it fakbûn tinkt dat dat oantal gau oprinne sil, om't de situaasje hieltyd dreger wurdt.

Anonym

In soad soarchynstellings hawwe sels ek coaches yn hûs dêr't meiwurkers mei prate kinne, mar dêr is faak minder kapasiteit foar fanwegen de coronakrisis. "Er zijn ook kleinere organisaties die dat moeilijker zelf kunnen regelen", seit Westerlaken. Minsken hoege net benaud te wêzen dat harren baas derachter komt dat se kontakt opnaam hawwe mei it CNV. "Als je contact met ons opneemt, weet niemand daarvan, behalve jij en je coach."

Anneke Westerlaken fan it CNV

(Advertinsje)
(Advertinsje)