Grutskalich ûndersyk nei trekfisken oan de Waadkust

16 mrt 2021 - 06:24

Mear as santich frijwilligers, studinten en ûndersikers monitoarje dizze maitiid trekfisken oan de Fryske en Grinslanner Waadkust. Neffens Jeroen Huisman fan hegeskoalle Van Hall Larenstein is dit ûndersyk noch nea sa grutskalich oanpakt. Eins giet it om in ferskaat oan ûndersiken betelle troch it Waadfûns.

Sjoch nei de reportaazje

Yn in waarmtepak lûkt ien studint oan it tou fan in krúsnet foar de útlit fan it gemaal by Roptasyl, tichtby Harns, wylst de oare sa gau mooglik de ynhâld feilichstelt. De wyn tekenet patroanen yn it wetter wylst yn de fierte in inkelde swarte see-ein as in swart stipke op de weagen dûnset. Dizze skulpefretter hat gjin each foar de proai fan de studinten fan Van Hall Larenstein. Dy helje benammen glêsiel, spjirring en trijestikelich toarnderkes boppe wetter en dogge dat al sûnt it opkommende tij fan healwei fiven moarns ôf. Foar guon studinten is it fjildwurk in útkomst no't troch corona it ûnderwiis oars as oars bart.

Fiskpassaazjes

De fisken moatte nei it swiete wetter ta en de minsk hat dat hiel lang hieltiten dreger makke. Mar mear en mear gemalen en slûzen hawwe hjoed-de-dei fiskpassaazjes en oare oanpassings om dat dochs wer mooglik te meitsjen. Dêrmei binne je der noch net, want de fiskpassaazjes moatte ynregele wurde sadat dy harren wurk dogge op krekt de goede tiid foar de goede soart fisk dy't him dan oantsjinnet. Der wurdt al langer ûndersyk dien nei fisken lykas de iel en spjirring, mar de skaal dy't it no hat, heakket dêr wol wat oan ta.

In spjirring mei in trijestikelich toarnderke - Foto: Omrop Fryslân

Marieke Meerman is ien fan de tweintich studinten dy't no al mear as trije wiken praktykûnderfining opdogge oan de Waadsee. Dat Meerman no oan see werom te finen is, is suver wat ûngewoan foar har: "Dit is een hele andere tak van sport, want ik ben een bos en natuurbeheerstudent. Ik kom weinig met de zee in aanraking, maar dit was echt wel een kans die we met beide handen hebben aangegrepen."

Dosint en ûndersiker Jeroen Huisman is bliid dat hy har en alle oare studinten sa ynsette kin. Frijwilligers brûke wer oare ûndersyksmetoaden en der lizze ek noch in soad gegevens fan jierrenlang ûndersyk by de gemalen. As je dat allegearre by elkoar brûke om ynsjoch te krijen, helpt dat in soad, neffens Huisman: "Juist die combinatie maakt het zo ontzettend waardevol."

Jeroen Huisman

Spjirring, trijestikelich toarnderkes en glêsiel dy't bûten it gemaal fan Roptasyl fongen binne yn de Waadsee - Foto: Omrop Fryslân

Klean útlûke

Underwylst is it hast dea tij en de twa studinten sjogge fernuvere nei in lyts groepke kuierders dat achter in stiennen dykje hieltiten mear klean útlûkt. It groepke lit sjen dat der mear as allinnich fisken en fûgels yn it Waad swimme yn de maitiid, want ien fan harren springt yn in badpak sa de Waadsee yn mei in rûtine dy't ferriedt dat sy dat net foar it earst docht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)