Pol makket beswier tsjin komst feemerk op Ljouwerter yndustryterrein
It bedriuw Pol Infratechniek makket by de Ried fan Steat beswier tsjin de komst fan de feemerk op yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert. De feemerk siet earder op it WTC-terrein, mar moat ferhúzje fanwege de oanlis fan it nije Cambuurstadion.
De feemerk wurdt de buorman fan Pol, oan de Siriuswei. Mar dat bedriuw hat noed oer it tanimmen fan stank, stof en it leven fan de kij. It bedriuw is ek benaud dat de feemerk de kommende jierren flink groeie sil, wêrtroch't de ferwachte oerlêst noch grutter wurdt. Foarsitter Kingma fan de feemerk bestriidt dat en seit ek dat it mei de oerlêst bot tafalle sil.
"Het zal de komende jaren eerder afnemen dat toenemen. En met het koeiengeloei valt het ook wel mee", seit Kingma. "Wel komen er tegenwoordig veel meer schapen en kalveren op de markt dan koeien. En alle dieren worden inpandig geladen en gelost. Dat zijn nu eenmaal de regels van de NVWA. Maar een veemarkt blijft nodig. Want een koe kun je moeilijk per post versturen en een kalf niet per email."
De oanlis fan it nije gebou is yn folle gong. De ferwachting is dat it oer in moanne klear is.
De Ried fan Steat docht binnen in pear wiken útspraak.