Fries Museum krijt 400.000 euro fan BankGiro Loterij

15 mrt 2021 - 22:15

It Fries Museum yn Ljouwert hat 400.000 euro krigen fan de BankGiro Loterij. It museum is fêste partner fan de lotterij en krijt dêrom jierliks in bydrage fan 200.000 euro. Foar 2020 kaam dêr nochris goed twa ton by. Dat jild is ynbrocht troch dielnimmers dy't meistimme kinne wêr't it jild hinnegiet.

Fries Museum - Foto: Fries Museum

It Fries Museum is tankber foar de ekstra bydrage. It jild sil brûkt wurde foar it realisearjen fan nije projekten, oankeapen, restauraasjes en tentoanstellingen. Ferline jier krige it museum goed 350.000 euro fan de lotterij. It jild wurdt gewoanwei útrikt op it Goede Doelen Gala, mar dat koe dit jier net trochgean fanwege corona.

Ek oare musea hawwe jild krigen. Sa krige it Drents Museum yn Assen goed 460.000 euro en it Zuiderzeemuseum yn Enkhuizen mear as 830.000 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)