FIDEO: "Ik hie altyd pinebúk as ik der hinne gie", it ferhaal fan Nican

De no 16-jierrige Nican waard út 'e hûs pleatst, doe't er noch in lyts mantsje wie. Yn de twadde ôflevering fan it programma Fan binnenút fertelt er syn ferhaal. Nican syn jeugdbeskermer Ron, 'myn maat' sa as Nican him neamt, fertelt hoe't it gien is en wêrom't it nedich wie. Nican sels praat oer wat it mei him dien hat, en oer syn beslút om gjin kontakt mear te hawwen mei syn âlden.
Yn de rige Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben? sjocht programmamakker Miranda Werkman efter de doarren fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid. De searje jout in oangripend byld fan it wurk fan Jeugd- en Gezinsbescherming, Jeugdreclassering en Veilig Thuis Friesland.
De searje Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben? is alle moandeis te sjen op telefyzje om 17.15 oere en wurdt alle healoeren werhelle.
Hast fragen oer of fermoedens fan bernemishanneling, âldereinmishanneling of húslik geweld? Belje 0800-2000 (fergees, 24/7) of chat mei Veilig Thuis fia veiligthuisfriesland.nl.