Boargemaster Van der Zwan wol dat ûnjildige briefstimmen meiteld wurde

15 mrt 2021 - 21:20

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean wol dat ûnjildich ferklearre briefstimmen dochs meiteld wurde. In soad minsken bringe foar dizze ferkiezingen fia de post harren stim út. Yn de gemeente Hearrenfean giet it geregeld mis, want tsien prosint fan de trijetûzen stimmen is yntusken ûnjildich. Neffens Van der Zwan is it in hiel soad, mar wykt it net ôf fan de lanlike sifers. Hy fynt it skande dat der safolle stimmen ferlern gean. "Dat betekent dat er toch een zekere mate van logica ontbreekt in de instructie."

Foto: ANP

By de gemeente binne se dwaande mei de foariepening fan de brieven. Sa kinne se sjen oft de stimmen yn de goede slúf sitte. Van der Zwan leit út wêrom't in stim ûnjildich wêze kin: "Soms ontbreekt het stembiljet. Soms is het zo dat er in de envelop voor het stembiljet de donorverklaring is gestopt, want blijkbaar zijn die in dezelfde week verstuurd. Maar meestal is het zo dat het stembiljet en de stempas in een en dezelfde envelop zijn gestopt. Dan mag je die niet openmaken, want dan is het stemgeheim niet gegarandeerd."

Ik vind het echt een enorme paarse krokodil.

Tjeerd van der Zwan, boargemaster fan Hearrenfean

De Feanster boargemaster fynt dat ûnsin. "Ik vind het echt een enorme paarse krokodil, want je kunt de brief ook openen en dan de stempas eruit vissen. Dan kun je de envelop gewoon op de stapel leggen van de nog te tellen stemmen. Je hoeft het stembiljet niet te bekijken, die blijft in de envelop."

It is skande dat de stimmen net meiteld wurde, seit Van der Zwan. "Zeker, omdat het ook stemmen betreft van mensen van 70+, die het echt als een enorme maatschappelijke plicht beschouwen om te stemmen. Dan is het gewoon extra zuur dat deze trouwe stemmers hun stem zo meteen niet meetelt."

Neffens Van der Zwan bart it ek wol dat de stimpas en it stimbiljet omwiksele binne yn inoars sluven en dan yn in mienskiplike slúf sitte. "Raar genoeg tellen die stemmen wel mee, terwijl je daar een veel groter kans bij hebt dat je ziet wat er is gestemd door wie. Dan heb je dat per ongeluk omgewisseld en zegt het ministerie, en dit is echt ambtelijke logica: 'Nee, maar dan heeft men er zelf voor gekozen om het stemgeheim van zichzelf vrij te geven.' Nou, ik kan er echt niet bij."

Van der Zwan hopet dat der bestjoerlik yngrepen wurdt. Hy wol dat de minister ynstruksje jout oer hoe't de stimmen wol meiteld wurde kinne en dat der fertroud wurdt op de yntegriteit fan de minsken dy't de sluven iepenmeitsje. "Het op zo'n manier doen, dat ze echt niet gaan kijken wie nou wat heeft gestemd. Echt onzinnig!"

Tjeerd van der Zwan - Foto: Omrop Fryslân

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan gemeente Hearrenfean

(Advertinsje)
(Advertinsje)