Lêste ljipaai fûn: Remco Hamstra fynt aai fan gemeente Harns by Achlum

15 mrt 2021 - 19:59

Njoggen dagen nei de fynst fan it earste ljipaai is ek it lêste aai fan Fryslân fûn. Allinnich it aai fan de gemeente Harns ûntbruts noch, mar dat is no boppe wetter. Remco Hamstra (32) fan De Rottefalle trof it moandeitemiddei oan yn in perseel westlik fan Achlum.

Hy hie der al in pear kear omrûn, mar koe earst neat fine, wylst der wol hieltyd in sijke nei itselde plak fleach. Hy besocht it nochris en ûntduts it aaike úteinlik dochs.

Mei de fynst fan it lêste ljipaai yn de gemeente Harns is it frije fjild yn de hiele provinsje sletten en kin de neisoarch begjinne.

Ljipaaikaart

Sjoch op dizze kaart yn hokker gemeenten al it earste ljipaai fûn is. Grien is it earste ljipaai fan Fryslân, blau is it earste ljipaai yn in gemeente en read betsjut dat der noch gjin earste aai fûn is yn dizze gemeente.

Moandeitemiddei waard ek it jeugdljipaai fûn troch de tsienjierrige twillingbruorkes Nico en Menno Boersma út Aldehaske. Sy fûnen in twake yn it maislân fan harren heit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)