Twadde Keamerferkiezingen: Wat falt der foar in Fries te kiezen?

De lanlike plannen binne oer it algemien bekend. Mar wat dogge de partijen eins foar Fryslân? Wurdt Fryslân fertsjintwurdige yn de polityk? Falt der eins wol wat te kiezen foar de Fries?
Twadde Keamerferkiezingen: Wat falt der foar in Fries te kiezen?
Wy hawwe foar dit ûndersyk sjoen nei hokker Friezen der op de list steane by alle partijen. Dêrneist binne wy de partijprogramma's yndûkt, om te sjen oft der wat fan Fryslân yn weromkomt. Dêrby hawwe we socht oft it Frysk letterlik weromkomt yn it progamma. Tink dêrby oan wurden as Fryslân/Friesland/Fries/Frysk. Ek hawwe we kontakt socht mei alle partijen. We ha se belle en maild om te freegjen wat foar harren de trije wichtichste tema's foar Fryslân binne.
© Omrop Fryslân
Om te begjinnen dogge der yn totaal 37 partijen mei oan de Twadde Keamerferkiezingen. Op al dy listen fan de partijen komme yn totaal 39 Friezen werom op de list. Dizze Friezen komme werom yn 19 partijen, dus yn 19 fan 37 partijen sitte ien of meardere Friezen. De heechste Fries op de list is Femke Wiersma, sy stiet op plak twa fan de Boer Burger Beweging. Foar de measte Friezen komme wy út op it CDA.
Disclaimer: op de úteinlike list steane mear Friezen as 39. Dit komt omdat dizze minsken net werom te finen wiene op de websides fan de partijen.
© Omrop Fryslân
Dat it Frysk sels weromkomt yn de partijprogramma's ferskilt de partij. Wy hawwe fan de 37 partijen 20 partijprogramma's ûndersocht. Dit omdat dizze partijprogramma's folslein wienen. Benammen by de lytste partijen wie der net in folslein partijprogramma werom te finen. Yn totaal kaam yn 10 programma's wat mei Fryslân werom, tink oan de taal, leefberens of dat der in akwadukt op de A6 yn Fryslân komme moat. Yn totaal foel it wurd Friesland/Fryslân/Fries/Frysk/Fryske 19 kear.
Opfallend is dat der ien partij is dy't it folsleine programma ek yn it Frysk oanleveret en dat is de Partij voor de Dieren. De VVD, GroenLinks en de Boer Burger Beweging ha in gearfetting yn it Frysk fan harren programma oanlevere.
As trije tema's steane foaral de Lelyline, de leefberens en de natuer sintraal. It Frysk sels kaam wolris werom, mar stie net sintraal.