Riemer van der Velde docht oprop: "Ferdomme, litte we dy klup helpe"

It giet him bot oan it hert. En dat is te fernimmen as hy yn de SportCast oer 'syn' SC Hearrenfean praat. Earefoarsitter Riemer van der Velde is te gast om te praten oer it fuotbal by de Feansters en hy docht in emosjonele oprop oan alles en elkenien dy't Hearrenfean leaf hat. Ek giet it yn dizze SportCast oer de bestjoerlike perikels by SC Cambuur en de rol fan trainer Henk de Jong dêryn.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
It is mei pine yn it hert, mar Van der Velde is net sa posityf oer de takomst fan syn klup. Sterker noch: as it sa trochgiet, bestiet de klup yn de takomst net mear neffens de earefoarsitter. "As der gjin feroaring yn komt, is Hearrenfean op termyn 'gedoemd' om dermei op te hâlden. As je elts jier je kroanjuwielen ferkeapje, dan ha je gjin fatsoenlik alvetal mear. Dan geane je nei de earste dfiyzje, dan wenje je yn in te grut stadion en dan kinne je it net mear foarinoar krije."
Oarsaak dêrfan is it grutte operasjonele tekoart fan de Feansters, dat boppe de seis miljoen yn it jier leit. By wedstriden sit it stadion, foar corona, noch mar foar de helte fol en fan de sponsoaren is twatredde neffens Van der Velde ophâlden. Der moat wat gebeure en dus docht Van der Velde in oprop. Hy hopet dat algemien direkteur Cees Roozemond ris om tafel wol mei de 'Groep Riemer', dy't twa jier lyn in plan dellein hat by de klup.
Hoe kinne we dizze klup rêde?
Riemer van der Velde, earefoarsitter fan SC Hearrenfean
"Ik soe in freonlik fersyk dwaan wolle oan Roozemond. Doe fûnen jo it net nedich, mar de sitewaasje is net ferbettere. Tink der nochris oer nei: hoe kinne we dizze klup rêde?", seit Van der Velde. "Elkenien wol meitinke, want we hawwe hartstikke moaie tiden hân. Dêr moatte we oan referearje, dêr moatte we nei weromgripe. We moatte dit net gebeure litte. Der is 'gelatenheid' binnen dizze klup, somtiden ek by my. Ik bin somtiden lilk op myn frou, om't se net nei it fuotbal wol. Se ergeret har dea, want se kin net oer ferlies. Ik ek net. Ferdomme, litte we dy klup helpe."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje we ek oare ûnderwerpen.