Bruorkes Nico en Menno Boersma (10) fine earste jeugdljipaai by Aldehaske: in twake

Nico en Menno Boersma út Aldehaske ha moandeitemiddei it earste jeugdljipaai fan Fryslân fûn. De tsienjierrige bruorkes fûnen om 15.00 oere hinne net ien, mar twa aaikes yn it maislân fan harren heit.
Bruorkes Nico en Menno Boersma (10) fine earste jeugdljipaai by Aldehaske
Foar de fynst fan it twake krije Nico en Menno neffens tradysje it Sulveren Polske útrikt. Dat bart tiisdei yn it provinsjehûs yn Ljouwert. Deputearre Douwe Hoogland sil de trofee oerlangje oan de jonge finers.
De winners fan de sulveren pols
Nico en Menno Boersma (10) © BFVW