LTO wol oerlis mei lânbouministearje oer rjochterlik ferbod op bou feestâl yn Ie

15 mrt 2021 - 17:50

Lânbou-organisaasje LTO hat noed oer in ferbod op de bou fan in feestâl yn Ie. Wat de gefolgen fan de rjochterlike útspraak binne, is noch net dúdlik, seit foarsitter Trienke Elshof fan LTO Noord. "Wy wolle earst mei it ministearje fan Lânbou oerlizze, om te sjen wat dit betsjut foar de boeren", seit se. De provinsje joech earder tastimming foar de bou, en de stâl stiet der ek al.

Foto: Shutterstock.com (Toa55)

In bestjoersrjochter yn Grins sette ein ferline wike in streek troch de natuerfergunning foar de nije kowestâl yn Ie. De rjochter set fraachtekens by de maatregels dy't yn de stâl naam binne, om de stikstofútstjit te ferminderjen. Yn lanbourûnten bestiet de soarch dat de útspraak grutte gefolgen ha sil foar eventuele nijbou- en útwreidingsplannen fan boeren. Ek bestiet de eangst dat boeren dy't noch gjin natuerfergunning hawwe, dy ek net mear krije kinne.

De rjochtsaak wie oanspand troch omwenners en in tal organisaasjes, werûnder Mobilisation for the Environment (MOB). Dy organisaasje fan foarman Johan Vollebroek soarge der twa jier lyn al foar dat it Programma Aanpak Stikstof, de PAS, troch de Ried fan Steat yn it jiskefet smiten waard. Dat hie grutte gefolgen foar de hiele Nederlânske ekonomy en soarge derfoar dat we no allegearre witte dat der in stikstofprobleem is.

De provinsje wol de kommende tiid besjen wat de gefolgen fan de rjochterlike útspraak binne en ek oft der heger berop oantekene wurde kin, seit in wurdfierder fan deputearre Klaas Fokkinga. Oant dy tiid wol de provinsje fierder net op de útspraak reagearje.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer en foarsitter Trienke Elshof fan LTO Noord oer de kwestje

(Advertinsje)
(Advertinsje)