Ynwenners: Gemeente moat swimbad Menaam rêde

15 mrt 2021 - 17:12

Ynwenners fan Menaam roppe de gemeente Waadhoeke op om it swimbad yn it doarp finansjeel te stypjen. It swimbad leit der suterich by, en is oan renovaasje ta. Dêr is jild foar nedich.

Foto: ANP

Harkje nei de bydrage út Weistra op wei

Al mear as in heale iuw fytse tûzenen bern, út ûnder oare Bitgum, Deinum en sels Ljouwert nei Menaam ta om te swimmen. No't it bad stipe nedich hat, komme ynwenners yn aksje. Mei in petysje roppe se de gemeente op om posityf te stimmen oer de finansjele stipe. Yn twa dagen smiet dat mear as tûzen reaksjes op.

Esther Keizer fan de aksjegroep is dêr tige wiis mei. "Dit hiene we noait tocht, dat it sa hurd gean soe." In politike reaksje is der noch net.

Trefwurden: 
Menaam swimbad
(Advertinsje)
(Advertinsje)