Ien missende skroef kostet fisker Vanger 50.000 euro

15 mrt 2021 - 16:14

By in ûnderhâldsbeurt fan in fiskkotter yn Lauwerseach is in skroef ferdwûn. It giet om de skroef dy't it skip oandriuwt. It wie in nije skroef, dy't op in pallet klear lei om ynstallearre te wurden. Under in kleed. De eigener tinkt dat er stellen is.

Sjoch nei de reportaazje fan RTV NOF

De missende skroef kin soargje foar in skeapost fan in heale ton, seit skipper Jitze Vanger. De skroef moat mei foarrang opnij makke wurde, en dat kostet allinne al 10.000 euro, seit Vanger. Trochdat er der wiken op wachtsje moat, rint er ek ynkomsten mis. Dat kin ek samar 40.000 euro wêze.

De fisker tinkt dat de skroef stellen is troch ien dy't sjoen hat dat er ûnder it kleed lei. Hy hat oanjefte dien by de plysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)