RIVM meldt mear as 200 nije coronabesmettingen yn Fryslân

15 mrt 2021 - 15:22

It RIVM meldt moandei 208 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne goed 100 minder as snein, doe't it heechste tal besmettingen meld waard sûnt 8 jannewaris: 321 besmettingen. Yn de ôfrûne wike binne der alle dagen yn trochsneed 205 besmettingen konstatearre.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn gemeenten Súdwest-Fryslân (45), Ljouwert (31) en Smellingerlân (24).

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld, dat giet om in ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Der is ien sikehûsopname meld as gefolch fan it firus. Dat giet om in ynwenner fan De Fryske Marren.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 5549 minsken besmet mei it coronafirus yn de ôfrûne 24 oeren.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)