Smals komt nei de simmer mei nije plannen foar sânwinning Iselmar

15 mrt 2021 - 14:51

It sânwinbedriuw Koninklijke Smals komt nei de simmer mei nije plannen foar de sânwinning yn de Iselmar. Dat hat it bedriuw bekend makke. De eardere plannen waarden troch de Ried fan Steat fan tafel fage. Gemeente De Fryske Marren stimde yn in eardere faze al tsjin, wêrnei't Smals nei de rjochter stapte. Dêr krige it gjin gelyk. Smals seit noch net te witten hoe't de nije plannen derút sjogge. Se binne op it stuit yn petear mei ferskate partijen.

Foto: Koninklijke Smals

In mearderheid yn de gemeenteried fan De Fryske Marren stimde begjin 2019 tsjin it fêststellen fan it bestimmingsplan dat de sânwinning foar de kust fan Gaasterlân mooglik meitsje moast. Neffens it bedriuw wie dat beslút basearre op de miening fan 'de bangen en de bozen' en wie der gjin inkeld deugdlik bewiis foar. It bedriuw hie al miljoenen ynvestearre yn de plannen foar de sânwinning yn de Iselmar. No wol it op in duorsume manier dochs sân winne.

Smals nûget elkenien út om mei te tinken, seit Marloes Herms fan it sânwinbedriuw. "Wij zijn bezig met nieuwe planvorming. We hebben vijftien jaar onderzoek gedaan en hebben ook nieuwe inzichten. Samen met andere partijen willen we bekijken op welke manier we verbindingen kunnen leggen met ook andere projecten in het gebied." Herms doelt dêrmei op bygelyks projekten foar it ferbetterjen fan it ekosysteem.

In krekte datum foar it presintearjen fan de plannen is noch net bekend. Oan 'e ein fan it jier hopet it bedriuw ien of twa senario's te hawwen, dy't fierder útwurke wurde kinne.

Marloes Herms fan Smals

De gemeenteried fan De Fryske Marren stimde yn febrewaris 2019 tsjin de sânwinningplannen fan Smals. It bedriuw woe tritich jier lang twa miljoen kúb sân winne foar de oanlis fan bygelyks diken. Dat sân soe sa'n fiif kilometer út de kust by Aldemardum wûn wurde.

It kolleezje yn de gemeente foel nei oanlieding fan de kwestje. Koälysjepartij FNP stimde tsjin, wylst CDA en VVD foar stimden. Dat betsjutte in brek yn fertrouwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)